Kealslach oan de Trambaan yn Burgum: hat it kolleezje tastimming jûn?

16 des 2019 - 18:50

De folsleine opposysje yn Tytsjerksteradiel stelt fragen oer de tsientallen beammen dy't kapt binne yn Burgum. Der lizze allegear beammen by de Trambaan, mar dat wie neffens de opposysje net de ôfspraak. Dêrom stelle de VVD, GrienLinks, Partij voor de Boeren, PvdA en D66 fragen oan it kolleezje.

Foto: ProNews

Yn july soe in fergunning ferliend wêze foar it kappen fan ien ikebeam en ien bjirkebeam. Mar no docht bliken dat der folle mear beammen delhelle binne. De partijen wolle dêrom witte oft der wol tastimming jûn is foar it kappen. Der moat in appartemintekompleks komme op it plak fan de beammen, mar neffens de opposysje is ek dêr noch net in fergunning foar ôfjûn.

Gie earder ferkeard

Sjaak Hoekstra fan de VVD: "Wy binne yn it wykein benei kaam troch guon ynwenners. Sy hiene sjoen dat de gemeente beammen kapt hat, en sy hawwe ek sjoen oft dat wol fergund wie. Sy koene allinne in fergunning foar ien iik en ien bjirk fine. Mar der lizze tsientallen beammen."

Hoekstra seit mei klam dat der net op de feiten foarút rûn wurde moat. Mar hy jout ek oan dat is wolris ferkeard rûn is. "In skoft lyn wie de Lange Laan, in moai sânpaad, ynienen ferhurde. Der hat de PvdA doe fragen oer steld, en doe die bliken dat sy de fergunning ferjitten wiene. Dit soe miskien de twadde situaasje wêze kinne yn koarte tiid dêr't it misgie."

De partijen wolle noch foar 24 desimber antwurd op harren fragen oer de beammekap.

Sjaak Hoekstra fan VVD Tytsjerksteradiel

(Advertinsje)
(Advertinsje)