Twa keunstkij ferdwûn yn Dolsterhuzen

16 des 2019 - 18:23

De twa keunstkij Klaske en Sjoukje binne mist. Yn de nacht fan sneon op snein binne se ferdwûn by de buorkerijrekreaasje fan de famylje Holtrop yn Dolsterhuzen. De keunstwurken stiene yn 'e greide by it Tsjûkemar.

Foto: Omrop Fryslân

Sinjalemint

Ko Klaske is aardich bekend. Sy is brûkt yn de kampanje fan it CDA. De keunstko is folslein grien. Sjoukje is in replika fan in Holster Frisian ko mei de reade letters 'Boerderijrecreatie' der op. De twa keunstkij sitte fêst oan in blok beton. De famylje Holtrop fernuveret har dan ek hoe't de keunstwurken út de greide weihelle binne. Se binne op syk nei de keunstkij en freegje of guon minsken harren melde wolle as se yn de nacht fan sneon op snein wat sjoen hawwe.

Trefwurden: 
kij Dolsterhuzen keunstkij
(advertinsje)
(advertinsje)