FIDEO: wat is de stân fan saken om de boere-aksjes hinne?

16 des 2019 - 18:07

Fryslân makket him klear foar de nije boere-aksjes. Moandei wie der in moarnsbrochje yn Den Haag tusken ûnder oaren de premier, minister Schouten en it Lânbou Kollektyf. Ek wie moandei it koart pleit fan Centraal Bureau Levensmiddelenhandel tsjin de aksjes fan Farmers Defence Force. En dat yn de oanrin nei tiisdei, as in nije aksje hâlden wurdt tsjin Wetterskip Fryslân fanwegen taryfsferheging. De polityk, supermerken en it wetterskip steane op skerp.

(advertinsje)
(advertinsje)