FIDEO: Hoe giet it mei it Fryske hânbal?

16 des 2019 - 17:54

Troch in oerwinning op Spanje bekroande it Nederlânsk frouljushânbalteam him ta wrâldkampioen. Sil it sukses fan dit team ek in geunstich effekt hawwe op it Fryske hânbal? Nije oanwaaks is tige wolkom, want der binne eins noch mar trije aktive teams yn de provinsje. De grutste dêrfan is HV Cometas út Ljouwert. By Cometas hoopje se dat hânbal in plakje krije kin yn it rychje mei de meast populêre sporten fan it lân.

Trefwurden: 
hânbal HV Cometas
(advertinsje)
(advertinsje)