Kreaker Cambuur-Feyenoord is Wedstriid fan de Wike

It is oant no ta in fantastysk seizoen foar Cambuur. Healwei it seizoen boppe-oan, de Earedifyzje lonket en dan as toetje ek noch in bekerwedstriid yn it eigen stadion tsjin Feyenoord. Sit in stunt der yn? Cambuur-Feyenoord is de Wedstriid fan de Wike.
"Dit is in geweldige affysje," sa seit sportferslachjouwer Roelof de Vries. "Ik tink dat in soad Cambuur-supporters ek supporter binne fan Feyenoord. Ik bin benijd foar wa't se dan no binne. Mar hoe dan ek, as je yn de Earste Difyzje spylje, dan hope je op in wedstrijd tsjin Ajax, PSV of Feyenoord."

Kânsen

Oer de kânsen is Roelof de Vries minder entûsjast. "We hawwe it der fannemoarn yn de Sportcast ek oer hân. As Cambuur Feyenoord ien of twa moannen lyn tsjin kaam wie, hie ik se echt in dikke kans jûn. Se binne noch altyd net kansleas, mar Feyenoord is better yn foarm." Feyenoord wûn snein fan PSV. "Se begjinne echt better te fuotbaljen. Mar ferdigenjend is it noch altyd mar sa-sa, benammen op de backs. Dêr lizze foar Cambuur ek kânsen."
De wedstriid is tongersdei om 20.45 en wurdt by Omrop Fryslân Radio live útstjoerd. Woansdei is de foarbeskôging op dizze webside te finen en sjogge wy yn Fryslân Hjoed ek foarút.
© Omrop Fryslân
Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.