De nije namme fan it WTC-plein is bekendmakke: wat is it wurden?

16 des 2019 - 17:43

De namme foar it plein by it WTC yn Ljouwert is bekend. It krijt de namme: Stadionplein. Dat is moandei bekend makke troch de gemeente.

It WTC Expo yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Nei de telling fan alle stimmen hat Stadionplein de measte stimmen krigen, 457. De namme Ut Hert krige 386 stimmen en 058 Plein 356. Der is fia mail en fia Facebook stimd.

De Commissie Naamgeving en de spesjale sjuery tankje alle ynstjoerders foar harren belutsenens troch te stimmen. Op it nije Stadioplein komt aanst it Cambuurstadion en in ferskaat oan winkels en hoarekagelegenheden.

Trefwurden: 
Ljouwert WTC plein Stadionplein
(advertinsje)
(advertinsje)