Der is in nije sikehûs-cao: mar wêr moat it jild weikomme?

Sikehûspersoniel krijt yn twa jier tiid in leansferheging fan 8 persint en ien kear in útkearing fan 1.200 euro, dat is út de cao-ûnderhannelingen kaam. De fraach is lykwols: wêr moat dat jild weikomme? Neffens de Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen is der in finansjeel gat fan mear as 200 miljoen euro. It Antonius Sikehûs yn Snits jout oan dat dat de finânsjes it noch in grutte opjefte wurde foar guon sikehûzen.
Nije sikehus CAO wer moat it jild weikomme
"We zullen wel even moeten zoeken," seit Marcel Kuin, bestjoersfoarsitter fan Antonius Zorggroep. "In het hoofdlijnenakkoord was financiële ruimte afgesproken voor ongeveer 2,8 procent voor loonstijging, dan is 5 procent wel fors meer. Als je het goed geregeld hebt kun je misschien van dit jaar nog wat overhouden om mee te nemen naar volgend jaar, maar we zullen wel moeten kijken hoe we het in de begroting in gaan passen."

Wêr moat it jild weikomme?

De fraach is wêr't it jild weihelle wurde moat. "Liever niet door personele bezuinigingen, want we hebben de mensen hard nodig. We moeten het op andere fronten zoeken, door betere inkoop en door minder uitzendkrachten aan te nemen. Doordat de beloning nu echt beter is geworden, wordt het ook aantrekkelijker om in vaste dienst te gaan."
Ad Melkert sei as foarsitter fan de Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen dat der noch in bedrach fan 200 miljoen euro nedich is om te foldwaan oan it akkoart foar de cao. Dat soe by it Ryk en soarchfersekerders weikomme moatte. "Dat is een goede boodschap richting overheid en zorgverzekeraars. Toen het hoofdlijnenakkoord zag de wereld er wel wat anders uit, er was veel onrust bij de zorg, politie en boeren. Men was actie-bereid en er is toch een hogere cao uitgekomen dan was voorzien, daarom zou het goed zijn als de overheid serieus zou kijken als de overheidsbijdrage niet wat omhoog kan," seit Kuin.

'Rust aan het front'

Marcel Kuin jout oan dat it sikehûs yn Snits gjin problemen ferwachtet. "Wij zullen als Antonius niet in de problemen komen, maar er zijn veel ziekenhuizen in Nederland die het moeilijk hebben. Dus ik sluit niet uit dat er ziekenhuizen wel in de problemen komen, maar dat is bij ons niet het geval. Ik denk dat alle zorgbestuurders ook graag wilden dat die zorg-cao er kwam. Ook acties en uitzendkrachten inhuren kost misschien nog veel meer. Het is misschien een wat duurdere cao dan verwacht, maar het is wel een goede en het geeft rust aan het front. Daarmee kun je weer een ziekenhuis besturen."
Marcel Kuin, bestjoersfoarsitter Antonius Zorggroep
Janny de Cock wurket al 48 jier by it sikehûs yn Snits. "Wy hawwe in soad knokt it lêste jier en dat hat ús in soad enerzjy koste. De measte wurknimmers binne der wol tefreden mei. Der sit wat in ôftopping yn de hegere salarissen, mar oars krije je in grut ferskil tusken de salarissen."

Jongerein

De Cock tinkt benammen dat it foar de jonge minsken yn de soarch in oplossing wêze kin. "Ik tink wol foar de jongerein. Dy krije ek mear salaris as sy úteinsette mei de oplieding en de staazjefergoedingen geane omheech. Sa besykje wy minsken yn de soarch te krijen, want dat is wol in grut probleem."
Janny de Cock wurket al 48 jier by it Antonius Sikehûs