Frysk krijt prominintere rol yn meardere supermerken

16 des 2019 - 17:10

Yn meardere Fryske supermerken sil it Frysk in prominintere rol krije. Dizze hjerst die de Afûk in oprop oan supermerken om it Frysk mear te brûken. Dêrby wiisde de Afûk op in supermerk yn it Dútske East-Fryslân, dy't positive ûnderfining hawwe mei it brûken fan it East-Frysk.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Dat soarget foar mear klanten en dêrtroch foar mear omset. Meardere supermerken hawwe op de oprop regearre. Kommende freed geane de earste twa iepen. It giet om in supermerk yn Eastermar en ien yn Damwâld. Yn beide supermerken hawwe se de ôfrûne wiken hurd wurke oan it ferfryskjen fan de winkel.

Mearwearde

De supermerk yn Eastermar hat in wichtige funksje yn it doarp en de regio. "Der binne alle jierren in soad toeristen dy't Eastermar in besite bringe", fertelt eigener Sjouke Wijnsma. "De measten fan harren fine de Fryske taal tige nijsgjirrich. Spitigernôch is it Frysk net altiten hiel sichtber. Hjir wolle wy it ferskil meitsje troch alle talige uteringen yn ús winkel dêr't wy sels stjoer oer hawwe, te ferfryskjen. Foar ús winkel is dat fan grutte mearwearde, mar ek foar ús klanten út de regio en de toeristen."

Fielt mear eigen

"In soad fan ús klanten prate Frysk, ús kollega's ek, en wy roppe yn it Frysk om", seit Durk Boer, bedriuwslieder by de saak yn Damwâld. "It Frysk is by ús rûnom te hearren en dêrom is it in lytse stap om it Frysk ek mear sichtber te meitsjen yn ús winkel. It sjocht der prachtich út en it fielt mear eigen, wy binne dan ek benijd nei de reaksjes fan ús klanten."

Trefwurden: 
Frysk supermerk Afûk
(advertinsje)
(advertinsje)