Betonblokken njonken Wetterskip Fryslân moatte trekkers tsjinhâlde

16 des 2019 - 16:40

Njonken it gebou fan Wetterskip Fryslân binne freed betonblokken pleatst. Nei alle gedachten is dat dien om der foar te soargjen dat boeren tiisdei gjin smoargens op de parkearplakken delsmite kinne.

Foto: Nick den Boer / ProNews

Tiisdei sil it wetterskip yn petear oer de begrutting. As dy oannommen wurdt, betsjut it dat de boeren in taryfsferheging te wachtsjen stiet. De gearkomste fan it bestjoer is lykwols net by it gebou fan Wetterskip Fryslân, mar by it WTC yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)