"Ik bin der 98 prosint wis fan dat Holwerd aan Zee útfierd wurdt"

16 des 2019 - 16:21

It projekt 'Holwerd aan Zee' is mei it tekenjen fan in yntinsjeoerienkomst troch in tal organisaasjes in flinke stap tichterby kommen. Mei it plan wurdt de seedyk by Holwert trochbrutsen en komt it doarp wer oan see te lizzen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Dit is grien ljocht, no sil it barre", seit Hessel Hiddema, foarsitter fan de stichting Holwerd aan Zee. "Ik bin der foar 98 prosint wis fan dat it projekt útfierd wurdt. De lêste sinten binne we noch mei dwaande. Der moat noch jild komme fan it Waadfûns en Ryk. De kâns is grut dat dat slagget. It giet om 20 miljoen euro. We moatte ek noch it lân krije dat nedich is foar it plan, mar dat moat soarchfâldich, om't minsken dêr har brea fertsjinje. In gebietskommisje sil dat nei in goed ein bringe."

Om 2025 sil it projekt in hiel ein hinne wêze. "It plan is goed, oars wienen we noait safier kommen."

De partijen stichting Holwerd aan Zee, Vogelbescherming Nederland, de provinsje Fryslân, gemeente Noardeast-Fryslân en Wetterskip Fryslân nimme mei dizze yntinsje mei elkoar de tariedingen foar de twadde faze op har.

Yn dy twadde faze giet it om de ynrjochting fan it gebiet, lykas de tagongsgeul troch de kwelder, de skutslûs yn de seedyk, briedeilannen, in bûlevaar en romte foar natuer en rekreaasje en in ekologyske ferbining mei it achterlân.

Hessel Hiddema

Foto: www.holwerdaanzee.nl

"In de regio Noordoost-Fryslân zijn recreatie en toerisme sterke sectoren", fertelt Jelle Boerema, wethâlder Noardeast-Fryslân. "We zien nog een sterke groei mogelijk. Als je mensen wil trekken heb je een toeristisch product nodig. Ik zie Holwerd aan Zee als zo'n product dat heel veel bezoekers kan genereren."

Jelle Boerema, wethâlder Noardeast-Fryslân

Trefwurden: 
Holwert Holwerd aan Zee
(advertinsje)
(advertinsje)