Sportcast: "Cambuur ferliest fan Feyenoord"

16 des 2019 - 15:49

We meitsje it net in protte mear mei, SC Hearrenfean en SC Cambuur dy't beide ferlieze. Us analisten Arjen de Boer, Geert van Tuinen en Roelof de Vries sykje nei in ferklearring foar dizze nederlagen yn in farske Sportcast.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

SC Hearrenfean ferlear mei 2-1 fan Willem II. Dit kaam benammen troch flaters fan Hearrenfean-ferdigeners. Dochs wienen ús analisten wol entûsjast oer it spul fan Hearrenfean: "It wie moai om te sjen dat Hearrenfean folle better wie as Willem II", seit Roelof de Vries.

Arjen de Boer hie him ek fermakke: "Hearrenfean fuotballe écht hiel leuk. It wie in leuke wedstriid om te sjen." De Boer hie wol ien oantekening: "Echt útspile kânsen hat Hearrenfean yn de twadde helte net kreëarre."

"Cambuur hie rjocht op in penalty"

Ek Cambuur liet punten lizze en ek dat wie ûnnedich. Us analisten fûnen boppedat dat Cambuur in penalty fertsjinne nei in oertrêding fan Kik Pierie op Jamie Jacobs. It soe in grutte domper wêze foar de Ljouwerters as Jacobs der no in skoft útleit, want "Jamie Jacobs is in fenomeen oan it wurden", seit Geert van Tuinen. Mei dêrtroch tinkt Van Tuinen net dat Cambuur trochgiet yn de beker: "Cambuur ferliest fan Feyenoord."

Arjen de Boer is positiver oer de kânsen fan de Ljouwerters: "Ek sûnder Jamie Jacobs kin Cambuur winne fan Feyenoord. Feyenoord wurdt oprôle. Let mar op: Cambuur giet troch en Hearrenfean giet troch."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy alle moandeis by oer it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)