Plysje yn Snits: lien gjin jild oan man mei sneu ferhaal

16 des 2019 - 15:43

De plysje yn Snits hat meardere meldingen krigen oer in man dy't jild fan minsken liene wol. As reden komt er mei in sneu ferhaal oer famylje dy't yn it sikehûs leit.

Plysjepet - Foto: Shutterstock.com

Neffens de plysje is dat ferhaal net wier en is de man in oplichter. Der wurdt dan ek warskôge om net yn syn ferhaal te traapjen.

Wa't de man wol jild liend hat, wurdt frege oanjefte te dwaan by de plysje.

Trefwurden: 
plysje Snits
(advertinsje)
(advertinsje)