Helte fan 77 deabiten skiep yn Nederlân komt út Fryslân

16 des 2019 - 15:43

Fan de 77 skiep dy't de ofrûne moanne deabiten binne yn Nederlân, is hast de helte oanfallen yn Fryslân. Ut ûndersyk op de kadavers moat noch bliken dwaan oft de bisten oanfallen binne troch in wolf, seit BIJ12 as it natuerburo fan de provinsjes.

Foto: ANP

Fan de 24 skiep dy't koartlyn by Slappeterp deabiten binne, is wol al bekend dat se net troch in wolf mar troch in hûn oanfallen binne. Dat jildt ek foar deade skiep yn Rie en Peins. Mar om't der no in tanimming fan deabiten skiep yn it noarden fan it lân te sjen is, kin it betsjutte dat der swalkjende wolfen omrinne, seit Glenn Lelieveld fan Wolven in Nederland. As fêststiet dat in wolf skiep deabiten hat, hat de feehâlder rjocht op skeafergoeding.

It is no de tiid fan it jier dat jonge wolven harren ridel ferlitte om op syk te gean nei in eigen libbensomjouwing. It oantal ridels yn Dútslân is flink tanommen en wolven lizze maklik de ôfstân nei de grins ôf.

(advertinsje)
(advertinsje)