Turnster Lisa van Rozen fan Easterwâlde opnommen yn nasjonale seleksje

16 des 2019 - 15:24

Bûnscoach Gerben Wiersma hat Lisa van Rozen fan Easterwâlde opnommen yn de nasjonale turnseleksje. Sy streamt troch fan Jong Oranje út. Lisa van Rozen riedt har de kommende moannen mei de nasjonale seleksje ta op de Olympyske Spelen. Dy binne takom simmer yn Tokio. In team fan fjouwer turnsters út de seleksje docht dêr úteinlik oan mei.

Turnje - Foto: ANP

Yn oanrin nei de Spelen dogge de turnsters mei oan ferskate nasjonale en ynternasjonale toernoaien.

(advertinsje)
(advertinsje)