Shorttrackers eksperimintearje mei luchtreinigers yn 'e hûs

16 des 2019 - 15:13

De achttjin riders fan de shorttrackseleksje eksperimintearje de kommende wintermoannen thús mei in luchtreininger. Dêrmei krije se suverder lucht yn de hûs, wat bydrage kin oan de sûnens.

De riders mei de luchtreiniger - Foto: KNSB

Topsporters brûke in soad soerstof en de kâns is grut dat se by grutte ynspanning lêst krije fan de luchtwegen. Se moatte der dêrom foar soargje dat dy sa min mooglik prikkele wurde. Dat is al gau it gefal by de drûge en kâlde loft yn in iishal.

De luchtreinigers dêr't se no mei ekspearimenteare helje ûnder oare pôlen, hier fan bisten en mooglike firussen út de loft. Se hawwe de apparaten krigen fan de haadsponsor fan it reedrydbûn KNSB.

(advertinsje)
(advertinsje)