Wurdt Silke út Rottum Hollands Next Top Model? "Ik zeg niets!"

16 des 2019 - 15:04

Doutzen Kroes en Akke Marije Marinus: dat wy yn Fryslân moaie froulju ha, wie al lang bekend. Mar dêr komt miskien in nije namme by! Dy fan Silke Otten út Rottum. Sy stiet moandeitejûn yn de finale fan Hollands Next Top Model.

Foto: Omrop Fryslân

Se die mei foar de fun, seit se sels. Mar no't Silke út Rottum yn de finale fan it modelleprogramma stiet, wol se winne ek! Oft dat slagge is, wit allinnich Silke, want de finale-útstjoering is al opnaam. En dat fielt dochs wol in bytsje gek, jout Silke ta. "Ik moet me heel lang stilhouden. Maar omdat het zo'n lang seizoen is, hebben ze ervoor gekozen om het alvast op te nemen."

Alle wiken sit Silke sels ek foar de útstjoerings fan Hollands Next Top Model. Want sels hat se de úteinlike ôfleveringen ek noch net sjoen. "Het beeld dat mensen van me hebben, klopt best heel goed", laket se. "De dingen die ik heb gezegd en heb gedaan, is wie ik ben. Maar er zijn wel dingen in geknipt, waardoor er soms een andere verhaallijn ontstaat. Maar over het algemeen klopt het beeld van mij wel."

Hichtepunten?

"Georgië is me het meest bijgebleven. Daar zou ik anders nooit naartoe gaan. Ik hoopte heel erg op een klus voor de Elle. Die heb ik ook mooi van mijn lijstje af kunnen strepen. Dat was ontzettend te gek."

Noch efkes wachtsje

Moandeitejûn sil lang om let blike oft Silke har it nije Hollands Next Top Model neame mei. Oant dy tiid moat se har stilhâlde. "Ik ben heel slecht in liegen, maar ik probeer me af te zonderen, zodat ik ook niet constant die vragen krijg. Ik probeer zo veel mogelijk dat moment te mijden en er omheen te praten."

Sels sjocht se de finale-útstjoering thús. "Ik zit gewoon lekker thuis met m'n ouders en familie en mijn beste vriendinnen komen langs. Deze mensen heb ik meegenomen naar de finale, dus die weten de uitslag ook al en moesten zich al die tijd stilhouden. Ook op mijn werk zitten ze voor de buis vanavond."

Om 22.00 oere is bekend oft Silke har Hollands Next Top Model 2019 neame mei.

Silke Otten

(advertinsje)
(advertinsje)