Rjochter: RIVM moat rekkenmodel foar stikstof frijjaan

It Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu, it RIVM krijt oant 7 jannewaris de tiid om it rekkenmodel foar stikstof en alle data oer de útstjit frij te jaan. As it RIVM dat net wol, dan moat it dúdlik útlizze wêrom net.
© ANP
Dat hat de rjochter sein yn it koart pleit dat oanspand wie troch de boere-ûndersyksorganisaasje it Mesdag Zuivelfonds en de organisaasje Stikstofclaim. Sy wolle dúdlikheid ha oer alle mjitgegevens dêr't it stikstofbelied op basearre wurdt.
En se wolle dat ek sa gau mooglik, omdat de gegevens de basis binne foar nij oerheidsbelied. Bygelyks de regels dêr't provinsjes mei dwaande binne en de spoedwet oer stikstof, dêr't de Earste Keamer tiisdei oer praat.