Iepen Mienskipsfûns stekt jild yn griene boartersplakken yn Noardwest Fryslân

16 des 2019 - 14:23

Meardere inisjativen foar in grien boartersplak yn Noardwest Fryslân krije subsydzje fan it Iepen Mienskipsfûns. It giet om ûnder oare Dronryp, dêr't it boartersplak by de kristlike skoalle komme moat, en om in plak yn Harns.

In boarterstûn - Foto: Shutterstock.com

Beide boartersplakken krije sa'n 10.000 euro fan it fûns. Dat keart jild út oan 22 inisjativen yn Noardwest Fryslân, it giet mei-elkoar om in lytse twa ton.

Neist nei de griene boartersplakken giet dat jild ûnder oare nei krystaktiviteiten, iepenloftspul yn Bitgummole en nei in tal projekten foar it opwekken fan sinne-enerzjy.

(advertinsje)
(advertinsje)