Noed oer nije proef mei hurdfarrren op Burgumer Mar

16 des 2019 - 14:14

Beswiermakkers tsjin de proef mei it hurdfarren op de Burgumer Mar fiele har net serieus naam troch de provinsje. Dat skriuwt de Partij voor de Dieren yn fragen dy't de partij stelt oan it provinsjebestjoer.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De proef mei it hurdfarren is yn augustus op fersyk fan de beswiermakkers stillein troch de rjochter, omdat net foldien waard oan de betingsten. Ek wiene de gefolgen foar it neistlizzende natuergebiet Alde Feanen net dúdlik.

De provinsje hat oankundige dat de proef takom jier toch in ferfolch krijt, ta frustraasje fan de beswiermakkers. Neffens de Partij voor de Dieren tinke beswiermakkers deroer nei om no op 'e nij nei de rjochter te stappen. De partij wol witte hoe't it provinsjebestjoer dêr mei omgean sil.

(advertinsje)
(advertinsje)