Sifers fan Fries Sociaal Planbureau: "Fryslân is kampioen frijwilligerswurk"

16 des 2019 - 13:46

It Fries Sociaal Planbureau sjocht werom op 2019, mei in tal opfallende sifers fan it ôfrûne healjier. It binne eins allegearre positive ûntwikkelingen, neffens Wilma de Vries fan it buro.

Kampearje - Foto: Shutterstock.com

"De befolking groeit. Yn de earste helte fan dit jier binne der 1.500 ynwenners bykaam. Dat is mear as oars. Fryslân hat no sa'n 648.000 ynwenners", fertelt Wilma de Vries fan it buro. "Yn Fryslân wenje de measte ynwenners op it plattelân fan hiel Nederlân. It giet om 67% fan de Friezen, tsjinoer lanlik 34%."

"Der kamen mar leafst 1.848 nije bedriuwen by, dat is mear as yn Drinte en Grinslân. En de wurkleazens is yn it tredde fearnsjier ôfnaam, 3,2% fan de beropsbefolking hat gjin wurk en dat sifer is no gelyk oan de lanlike sifers. Dat is moai, want it wie altyd heger yn Fryslân."

Frijwilligerswurk

Fryslân is koprinner op it mêd fan frijwilligerswurk. "We binne kampioen frijwilligerswurk; 44% docht frijwilligerswurk, meastentiids by sportferieningen. De helte fan de ynwenners op it plattelân docht frijwilligerswurk en mear as de helte is tusken de 65 en 75 jier."

Toerisme

"80% fan de gasten dy't nei Fryslân komme, komt út Nederlân, de restearjende 20% út it bûtenlân, foaral Dútsers en Belgen. Fan de Friezen giet sa'n 80% mei fakânsje, de helte dêrfan nei it bûtenlân."

Wilma de Vries fan FSP

(advertinsje)
(advertinsje)