Rjochter docht tiisdei útspraak yn koart pleit fan CBL tsjin FDF

De rjochter docht tiisdei om 11.00 oere útspraak yn it koart pleit fan it Centraal Bureau Levensmiddelen tsjin de boere-aksjegroep Farmers Defence Force. It koart pleit fan moandei is skorst foar oerlis tusken beide partijen, mar dat hat neat opsmiten.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It CBL hat de saak oanspand om foar te kommen dat boeren de befoarrieding fan supermerk plat lizze. Farmers Defence Force sei by it koart pleit dat it nea de bedoeling west hat om distribúsjesintra te blokkearjen. In opmerking dêroer hie in smiley derby en is folslein ferkeard útlein, sei de advokaat fan de boeren.
De rjochter hat de boeren frege wat se no krekt fan plan binne, mar dy wolle dêr noch altyd neat oer sizze.
Beide partijen hâlde de doar noch wol iepen foar fierder oerlis. Mocht dat wat opsmite, dan hoege de aksjes net troch te gean, seit in wurdfierder fan Farmers Defence Force.