Wat stiet ús te wachtsjen mei it boereprotest op woansdei?

16 des 2019 - 13:33

De boeren fan Farmers Defence Force komme woansdei yn aksje. Wat sy dwaan sille, hâlde sy noch geheim. It is foar gemeenten, plysje en de Veiligheidsregio ôfwachtsjen oft en hoe't sy yn aksje komme moatte. Ut Fryslân wei sille 1.500 trekkers har sammelje op 28 plakken ferspraat oer de provinsje. Om 6.00 oere krije se oarders fan it lanlik bestjoer en om 7.00 oere geane se de de dyk op.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

By it koart pleit moandei steane it Centraal Bureau Levensmiddelenhandel en it bestjoer fan de Famers Defense Force yn de rjochtbank fan Lelystêd tsjinoer elkoar. Wat foar de rjochtbank ta diskusje stie, wie in fersyk fan it CBL om de demonstraasje fan de boeren te ferbieden.

Neffens de advokaat fan it CBL draait it om: 'het recht van protest tegenover het recht om ongehinderd een onderneming te voeren'. De skea fan ien distribúsjesintrum blokkearje rint al gau yn de miljoenen. It CBL freget in twangsom fan 5 miljoen euro foar in blokkade fan in distribúsjesintrum. Neffens de advokaat fan FDF wurde de aksjes dynamysk.

Wat dogge gemeenten?

Gemeenten witte net krekt wêr't sy rekken mei hâlde moatte, wol jouwe de gemeenten Súdwest- Fryslân, dêr't it distribúsjsesintrum fan Poiesz sit, en de gemeente Hearrenfean, dêr't AB Texel en de LIDL sit mei in distribúsjesintrum, oan dat sy alles goed yn de gaten hâlde sille en goed kontakt hâlde mei de aksjefierders.

Wa hat it foech?

Boargemasters hawwe it foech om in demonstraasje te ferbieden of stil te lizzen. Der binne lykwols gjin konkrete oanfragen dien, dus yn it foar kin der neat besluten wurde.

Hoe komt it mei de feilichheid?

Om't it oer gemeentegrinzen giet, komt de Veiligheidsregio mooglik yn byld. Mooglik wolle autoriteiten de aksjes opskale, om it regionaal oan te pakken. Boargemaster Buma stjoert dat dan oan mei in regionaal beliedsteam. Ek kin kommissaris fan de Kening Brok frege wurde dit te dwaan. Dat neame sy in saneamde GRIP-sitewaasje, lykas dat barde mei de kontenerramp mei de MSC Zoe.

Wat hâldt it demonstraasjerjocht yn?

It demonstraasjerjocht is wichtich yn in demokraasje. It stiet yn de grûnwet, it giet dan om it rjocht op 'gemeenschappelijke meningsuiting'. Yn de Wet Openbare Meningsuiting kin de boargemaster beheiningen oplizze, want protest mei net ynset wurde as twangmiddel om je sin te krijen, of beheiningen stelle as it ferkear yn gefaar komt as bygelyks pasjinteferfier ûnmooglik wurdt.

Berend Roorda fan Rijksuniversiteit Groningen oer it rjocht fan demonstraasje

(advertinsje)
(advertinsje)