Gearkomste Wetterskip ferpleatst nei WTC Expo fanwege de romte

It Wetterskip en de plysje ha moandeitemoarn oerlein hoe't se it tiisdei ha sille as boeren har aksje trochsette om smoargens by it wetterskipsgebou yn Ljouwert te dumpen. Der is besletten om de gearkomste net yn it wetterskipsgebou te hâlden, mar yn it WTC Expo yn Ljouwert. Dêr is mear romte, want der wurde in soad boeren ferwachte.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De boeren binne tsjin de plannen fan it wetterskip om de tariven flink te ferheegjen. It algemien bestjoer fan it wetterskip nimt dêr tiisdei in beslút oer.
By de lêste gearkomste, op 2 desimber, koenen net alle boeren derby. Yn it WTC is in grutte romte mei skermen, sadat elk de gearkomste folgje kin. "De vorige keer was het niet handig dat er mensen buiten stonden en teveel binnen," leit dykgraaf Paul van Erkelens út. "Ons gebouw is daar niet geschikt voor en daarom wijken we uit naar het WTC. Ruimte is de belangrijkste reden, maar de politie heeft het ons voor de veiligheid ook aangeraden om uit te wijken naar een andere locatie."
Hy hat begryp foar de lilkens fan de boeren, mar it wetterskip moat goed draaie kinne mei in slutende begrutting. "Onze taak is de vergadering ordelijk te laten verlopen en iedereen gastvrij te ontvangen."
De gearkomste begjint om 14.30 oere en is online op de webside fan it wetterskip te folgjen.
Dêrfoar binne de boeren dus fan doel om 12.00 oere 'bagger' te dumpen op it parkearplak by Wetterskip Fryslân. Watfoar bagger dat dan krekt is, is net bekend.
Dykgraaf Paul van Erkelens