Boeren: "Goed petear mei it kabinet, mar oft it genôch is..."

16 des 2019 - 12:25

Alle partijen dy't moandeitemoarn op it Catshuis yn Den Haag mei elkoar praat hawwe oer de stikstofproblematyk neame dat in goed petear. Mar of it ek genôch is om it foar woansdei oankundige protest fan de boeren fan tafel te krijen, is noch mar de fraach.

Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Gerrit de Boer wie yn Den Haag en seach hoe't alle partijen nei in lang petear wer nei bûten kamen. It bliuwt lestich om te peilen oft it petear wat opsmiten hat, jout er oan. "De boere-organisaasjes dy't kaam binne mei in oplossing foar it stikstofprobleem sille no earst mei elkoar it petear evaluearje. De boeren wolle 2,9 miljard om boeren dy't ophâlde wolle út te keapjen. Dat is noch mar de fraach oft dat jild der komme sil. En ek oer de oankundige aksjes foar woansdei woene de ferskate petearpartners neat sizze."

Trienke Elshof fan LTO Noord

Trienke Elshof fan LTO Noord wie ek by it petear en wie nei ôfrin posityf. "Wy ha in hiel goed ynhâldlik petear hân. Us plan en ús easken ha wy besprutsen. Dat ha wy ek al earder dien, mar ik kin oer de útkomsten noch net folle sizze. Dat wolle wy earst beprate mei it kollektyf. Mar wy wurdearje it dat it kabinet de tiid foar ús plan naam hat."

Minister Carola Schouten fan Lânbou

Ek minister Carola Schouten fan Lânbou koe noch net sizze oer it al of net trochgean fan de aksjes. "We hebben wel gezegd: als je acties doet, zorg dan dat ze publieksvriendelijk zijn. We zijn zeer minutieus door de plannen gegaan en gekeken wat het kabinet aan kan bieden. Het is nu aan de boeren en het collectief om te bepalen of dat voor hen voldoende is."

Jeroen van Maanen fan aksjegroep Farmers Defence Force

Jeroen van Maanen fan aksjegroep Farmers Defence Force, de groep achter dy aksjes, koe al likemin dúdlikheid jaan oer de útkomst fan it petear en de aksjes woansdei. "We hebben altijd gezegd dat we alle argumenten meenemen tot de laatste dag. Daar is dit gesprek onderdeel van. We gaan nu met de achterban praten. Het was een goed gesprek, maar dat hebben we vaker gehad. We willen meer dan mooie woorden. Met z'n allen gaan we de beslissing nemen."

Aalt Dijkhuizen, foarsitter Lânboukollektyf

Aalt Dijkhuizen fan it Lânboukollektyf wol de útkomsten fan it petear ek mei syn achterban diele. Krekt as de oare dielnimmers wie er lykwols posityf. "Het waren veel punten, maar we hebben de tijd genomen om alle punten te bespreken. We hebben ze niet afgeraffeld. Stuk voor stuk zijn het voor ons belangrijke punten. We hebben gesproken over de korte en langere termijn. Laten we dit gevoel vasthouden."

(advertinsje)
(advertinsje)