Swiere dobber gemeente Ljouwert om kultuer op peil te hâlden

16 des 2019 - 12:05

In jier nei LF2018 hat de gemeente Ljouwert grutte ambysjes én flinke útdagingen op it mêd fan kultuer. Mar is dêr wol jild foar? It kulturele haadstêdjier hat hiel wat toeristen nei Fryslân helle en miljoenen euro's opsmiten. "Investeren in cultuur loont", sei de minister fan kultuer. Mar der is hieltyd minder jild beskikber om te ynvestearjen yn kultuer.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Wethâlder Sjoerd Feitsma

In grut part fan de Fryske gemeenten jout dit jier minder jild út oan kultuer as it lanlik trochsneed, docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân. Ek de gemeente Ljouwert skoart ûnder it gemiddelde.

Net fernuvere

Dat Ljouwert net hiel goed skoart, fernuveret wethâlder fan kultuer, Sjoerd Feitsma, net. "We hawwe tsien jier lyn in ûndersyk útfiere litten. Dêrút die bliken dat Ljouwert foar in dûbeltsje op de earste rang sit."

Yntusken binne we tsien jier fierder en is der in soad bard, sa as it kulturele haadstêdjier. "Der is in soad ynsidinteel jild nei kultuer gien yn ferbân mei kulturele haadstêd, mar de strukturele kultuerbudzjetten fan de gemeente binne net substansjeel omheech gien."

Gemeenten ûnder finansjele druk

In soad gemeenten steane finansjeel ûnder druk troch it oerheveljen fan de WMO en de jeugdsoarch fan it Ryk nei de gemeenten. De gemeenten binne dêr in soad jild oan kwyt, en dat betsjut dat der minder beskikber is foar oare saken.

Der wurdt op it stuit al in soad besunige troch gemeenten en faak is dat dan op sport en kultuer, sjocht Feitsma. "Dat is in ferkearde beweging, want mei sport en kultuer wurdt oan de basis wurke."

Grutte ambysjes

De gemeente Ljouwert hat grutte ambysjes as it giet om kultuer: de neilittenskip fan kulturele haadstêd en festivals dy't graach struktureel jild wolle. En der binne ynstellingen mei finansjele problemen: De Harmonie, poppoadium Neushoorn en de biblioteek.

Tagelyk is de gemeente - mear as gemiddeld - in soad jild kwyt oan it sosjale domein. "We moatte kieze", seit Feitsma. "Yn de maitiid hawwe we in petear mei it kolleezje, de gemeenteried en partners yn ús gemeente oer wêr't we as gemeente hinne wolle: wêr wolle we wol en wêr wolle we net yn ynvestearje?"

(advertinsje)
(advertinsje)