"FDF is net fan doel befoarriedzjen supermerken plat te lizzen"

16 des 2019 - 11:41

De boere-aksjegroep Farmers Defence Force is net fan doel it befoarriedzjen fan supermerken woansdei plat te lizzen. Dat seit de advokaat fan de aksjegroep moandeitemoarn by it koart pleit yn de rjochtbank fan Lelystêd. Dat wie oanspand troch it Centraal Bureau Levensmiddelen.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

"Nepnieuws" neamt de advokaat de berjochten oer it blokkearjen fan de distribúsjesintra, yn de wike foar de krystdagen. Neffens de riedsman binne de aksjes net rjochte op blokkades. It soe gean om 'dynamyske aksjes', wêrfan't er net sizze wol wat se krekt ynhâlde.

Ferline wike stelden de supermerken de boeren in ultimatum, dat se tasizze moasten dat der gjin aksjes kamen. Om't de boeren dêr net op yn gien binne, tsjinne moandei it koart pleit.

As beide partijen elkoar net fine kinne, docht de rjochter tiisdei útspraak yn dit koart pleit.

(advertinsje)
(advertinsje)