Drachten yn 2020 start- en finishplak fan Healthy Ageing Tour

16 des 2019 - 11:25

Drachten is takom jier it start- en finishplak fan de earste etappe fan de Healthy Ageing Tour. Dat is in ynternasjonale hurdfytswedstriid foar froulju.

Mountainbike - Foto: Shutterstock.com

De kommende tiid wurdt wurke oan in rûte dy't troch de hiele gemeente Smellingerlân giet. Op ferskate plakken lâns dy rûte sille aktiviteiten organisearre wurde, dy't wize op it belang fan in aktyf en sûn libben. Dat is ek de achterlizzende gedachte by de Healthy Ageing Tour.

It giet om de tsiende edysje fan de tour. De earste etappe yn Smellingerlân is op 8 april.

(advertinsje)
(advertinsje)