RSG Simon Vestdijk en OSG Piter Jelles krije ien bestjoer

16 des 2019 - 11:19

Skoallemienskippen Piter Jelles en Simon Vestdijk falle fan 1 jannewaris ôf ûnder ien bestjoer. De bestjoerlike fúzje moat der mei foar soargje dat de skoallen ek yn in tiid fan krimp goed ûnderwiis oanbiede kinne. Boppedat moat de fúzje derfoar soargje dat de wurkgelegenheid yn stân hâlden wurdt.

Piter Jelles YnSicht - Foto: Google Street View

De twa skoallemienskippen hawwe de ôfrûne twa jier tawurke nei de fúzje.

Kwa skoalgebouwen en nammen fan de skoallen feroaret der troch dy fúzje neat, it personiel komt mei yngong fan 1 jannewaris yn tsjinst fan in mienskiplike stichting.

OSG Piter Jelles hat skoallen yn Ljouwert, Dokkum, Kollum en Sint-Anne en RSG Simon Vestdijk hat skoallen yn Harns en Frjentsjer.

(advertinsje)
(advertinsje)