Keunstwurk moat oantinkens oan kontenerramp MSC Zoe libben hâlde

Begjin takom jier wurdt op Skylge in keunstwurk ûntbleate as oantinken oan de ramp mei kontenerskip MSC Zoe. It keunstwurk is it inisjatyf fan De Stichting De Noordzee.
© Kustwacht Nederland
It keunstwurk komt net permanint op Skylge te stean, it doel is dat it rûnreizget om te tinken oan de ramp en de gefolgen dêrfan. It is makke fan it oanspielde ôffal troch keunstnerskollektyf Gejut.
De ûntbleating is op 2 jannewaris, it is dan krekt in jier lyn dat kontenerskip MSC Zoe hûnderten konteners ferlear boppe de Waadeilannen.

De kontenerramp mei de MSC Zoe

Yn de nacht van 1 op 2 jannewaris dit jier ferlear it kontenerskip MSC Zoe 342 konteners, doe't it boppe de Waadeilannen fear. In part fan de lading spielde oan op de eilannen en it fêstelân fan Fryslân en Grinslân. De rest bedarre op de seeboaiem. Sjoch foar mear nijs oer de kontenerramp op ús dossierpagina.