Protte Fryske medaljes op NK reedriden foar junioaren

De Fryske reedrydfroulju Kim Talsma en Femke Kok hawwe in soad medaljes pakt by it NK reedriden foar junioaren yn Alkmaar. Sneon en snein waard der op it iis fan iishal De Meent striden op ferskate ôfstannen.
© ANP Foto
De18-jierrige Kim Talsma út Grou pakte it sulver op de 3 kilometer en it goud op de 5 kilometer. Sprintster Femke Kok fan Nij Beets wûn alle fjouwer de sprintôfstannen en ried mar leafst trije nije baanrekôrs op it iis fan De Meent.