Utkomst boerepetear yn Den Haag wichtich foar oankundige aksjedei

16 des 2019 - 08:56

Moandei praat in delegaasje fan boeren yn Den Haag op 'e nij mei premier Rutte en minister Schouten fan Lânbou oer de stikstofwet. It kabinet sil de plannen taljochtsje en wol hearre wat de boeren sels foar ideeën ha. Doel is om te sjen oft en wêr't de beide plannen inoar fersterkje kinne. De útkomst is tige wichtich foar de rest fan de wike.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Foar kommende woansdei hawwe de boeren in grutte aksjedei oankundige. De útkomst fan it petear yn Den Haag is wichtich foar it al of net trochgean fan dizze aksjes. "De ûntwikkelingen binne net echt hoopfol", wit ferslachjouwer Gerrit de Boer. "De boere-organisaasjes lizze moandei op 'e nij harren ferhaal op tafel, mar it giet der om wat de minister dêr mei docht. De kâns dat der noch wat feroare wurdt yn de stikstofwet is sa goed as nul."

Koart pleit

As de stikstofwet yn de Earste Keamer oannaam wurdt, dan is it beslikke en komme der needmaatregels. It sjocht der wol nei út dat de aksjes fan woansdei yn dat gefal trochgean, ferwachtet Gerrit de Boer. "Ik sjoch no gjin oar alternatyf. Mar dat hinget ek ôf fan wat de rjochter hjoed yn Lelystêd beslút yn it koart pleit. As de aksjes net trochgean meie, krije wy in pittige situaasje. De hiele saak is bêst wol yngewikkeld."

(advertinsje)
(advertinsje)