Kollum: "Smart tv"

"Hjoed op 'e kop ôf in moanne lyn ferhûzen wy nei Boelensloane. En dat wie foar it lêst dat wy telefyzje seagen. Want in telefyzje stekst hjoed-de-dei net mear yn in coax-kabeltsje. Nee, it binne allegearre smart tv's, dêr'tst ynternet foar nedich hast. En sa't jim al witte: dat hiene wy net.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Dus ôfrûne moanne koene wy gjin telefyzje sjen. As ik elkenien leauwe moat, ha wy hiel wat mist. Sa misten wy de 'veelbesproken' útstjoering fan De Villa, wêryn't ien fan de famkes oanrand waard troch ien fan de jonkjes. It programma waard fuortendaliks fan de buis helle troch RTL4, mar pas neidat der op social media opskuor oer ûntstien wie. Dêrfoar wie dy bagger fan ketsende frijgesellen yn in lúkse Spaanske villa blykber wol gewoan it útstjoeren wurdich.
Wy misten de 101-jierrige Lenie, dy't by De Wereld Draait Door it hert fan Matthijs van Nieuwkerk ferovere. Se siet der tegearre oan tafel mei presintator Gordon, dy't in programma makket oer âlderen boppe de hûndert. Hy koe noch sá folle fan dizze minsken leare, liet er hiel Nederlân witte. Dit is dus de man dy't mei botox, anus bleken en wit ik allegear wat noch mear krampachtich besiket om sa jong mooglik te bliuwen.
Wy misten André Hazes, dy't yn RTL Boulevard syn beklach die oer it roddelblêd Privé, dat in foto fan syn soantsje Dreetje op de foarkant sette nei't bekend waard dat André syn frou ferlit foar de 20 jier âldere Bridget Maasland. Dat er syn soantsje sels mei foto's, filmkes en reklames oan hiel Nederlân sjen lit, is blykber prima. Mar in foto op de foarkant fan de Privé kin echt net. "Dat gaat veel te ver", liet de folkssjonger witte oan RTL Boulevard.
Wy misten it bekendmeitsjen fan it trio dat ús Eurovisie Songfestival presintearje sil: Edsilia Rombley, Chantal Janzen en Jan Smit. Wy misten ek it nijs dat Jan Smit oerspannen wêze soe. Wy misten de rûzje tusken Ali B en Anouk yn The Voice of Holland. Wy misten it nijs dat Jeroen Pauw ophâldt en dat ús eigen Piet Paulusma oerstapt nei MAX. Wy misten al it gedoch oer it wachtjild fan Klaas Dijkhoff en Isabelle Diks. Wy misten de skieding fan nijspresintator Herman van der Zandt en de deademansrit fan radiopresintator Daniël Lippens.
Wy misten de 'Sieg Heil' fan Marco van Basten, de seksferslaving fan Katja Schuurman, de rolstoel foar de chihuahua fan Frans Bauer en it duet fan Lange Frans en Thierry B. God, wat misten wy in protte. Mar ast it listje sa hearst, dan misten wy eins hielendal neat. Yntusken docht de smart tv it. No is it allinnich noch wachtsjen op smart tv-programma's."