Dûmny Marco Buitenhuis: "Kinderen achter hoge hekken gevangen zetten: dat kan toch niet?"

16 des 2019 - 07:10

"Kinderen achter hoge hekken gevangen zetten: dat kan toch niet?" Dat sei dûmny Marco Buitenhuis nei oanlieding fan de protestaksje dy't ferskate ynwenners út Burgum sneintejûn by it detinsjesintrum yn Zeist hâlden hawwe. "We hebben met elkaar in het donker gezongen en de namen van de kinderen geroepen. Het was zeer indrukwekkend."

Tsientallen ynwenners fan Burgum reizgen sneintejûn nei Zeist om fan harren hearre te litten by it detinsjesintrum yn Zeist, dêr't ferskate gesinnen sitte dy't it lân útset wurde sille. Ien fan harren wie dûmny Marco Buitenhuis. Hy wie bot ûnder de yndruk fan it detinsjesintrum. "We zetten in Nederland kinderen gevangen achter meters hoge muren. Dat wisten we eigenlijk wel, maar als je al die hekken en muren ziet, dan schrik je toch. Waar zijn we eigenlijk mee bezig?"

Dûmny Marco Buitenhuis

Hert ûnder de riem

Goed 120 minsken hawwe as protest ferskate ferskes songen en de nammen fan alle bern roppen dy't op dit stuit fêst sitte yn Zeist. "We hebben begrepen dat de gezinnen ons hebben gehoord", fertelt Buitenhuis. "Dat was het doel: laten weten dat we ze niet vergeten zijn. We wilden hen laten merken dat we meeleven en dat we er voor hen zijn."

Der wurdt noch neitocht oer ferfolchaksjes, jout Buitenhuis oan. "Misschien een stille tocht. Maar we moeten laten blijken dat we dit niet stilzwijgend kunnen laten gebeuren."

Harkje nei de reportaazje oer de wake yn Zeist

(advertinsje)
(advertinsje)