Gemeenteried praat oer sintrumplan It Hearrenfean
In fytsrûte om it sintrum hinne, in griener sintrum en in nij ynrjochte stasjonsgebiet. It binne samar wat foarbylden út it takomstplan foar it sintrum fan It Hearrenfean. Mear as 400 bewenners en ûndernimmers kamen mei 250 konkrete ideeën. De gemeenteried sil der moandeitejûn oer te set. Sintrummanager Peter de Vries is entûsjast: "Al dy plannen fersterkje elkoar."
Om te besluten wat der mei it sintrum fan It Hearrenfean barre moat, waarden alle ynwenners en ûndernimmers troch de gemeenteried útnûge om mei te tinken. It resiltaat is in rispinge fan 250 konkrete ideeën. Dêr binne no 47 boustiennen út selektearre. Moandeitejûn sil de ried beslute wat der yn 2020 barre sil.
Sintrummanager Peter de Vries: "It sil in spannende jûn wurde, mar wy binne mei ús allen wol posityf. Der is in soad jild nedich om dizze plannen út te fieren, mar wy kinne yn de tuskentiid wol alfêst oan de slach. Wy ha 150.000 euro nedich om te starten. Dêr freegje we de gemeenteried jûn ek om."
Leechstân
Ien fan de problemen dêr't it sintrumplan wat oan dwaan moat, is de leechstân yn it sintrum fan It Hearrenfean. De Vries: "Wy ha op dit stuit 15 pannen yn it sintrum dy't leech stean. Dat binne der 15 te folle. Wy kinne dat net samar oplosse mei it sintrumplan, dêr binne wy ús ek fan bewust. Wy moatte ek neitinke oer oare ideeën foar sa'n gebou, bygelyks apparteminten."
Wurkwize
De Vries is tige te sprekken oer de wize wêrop't boargers en ûndernimmers meitinke mochten oer it nije sintrum. "Doe't wy te hearren krigen dat wy meitinke mochten as boargers en ûndernimmers, wie der dochs earst wol wat skepsis", jout de sintrummanager ta. "Mar wy binne no behoarlik entûsjast. Wy wolle allegear mar ien ding: foarút mei it sintrum fan It Hearrenfean. Wy binne der yn slagge om alle plannen by elkoar te krijen. Wy fersterkje elkoar."