Fryske gemeenten litte neilittenskip LF2018 ferdampe: minder jild nei kultuer

16 des 2019 - 06:40

Hast twatredde (11 fan de 18) fan de Fryske gemeenten jout minder jild út oan kultuer as it lanlik trochsneed. It kulturele haadstêdjier 2018 leit noch farsk yn it geheugen en der binne grutte ambysjes om dy kulturele bloei yn stân te hâlden. Mar fan dat stribjen is neat ôf te sjen yn de kultuerbegruttingen fan de Fryske gemeenten.

Omrop Fryslân hat útsocht hoefolle oft Fryske gemeenten yn 2019 oan kultuer útjouwe yn ferliking mei oare gemeenten yn ús lân dy't like grut binne. Mear as de helte fan de Fryske gemeenten skoart dus ûnder it lanlik trochsneed.

De bêste en minst skoarende gemeenten falle beide yn de kategory fan gemeenten mei tusken de 50.000 en 100.000 ynwenners. Gemiddeld wurdt der yn sa'n gemeente 50 euro de ynwenner oan kultuer útjûn. De gemeente Súdwest-Fryslân docht it it bêste yn Fryslân: de gemeente jout 63 euro de ynwenner út oan kultuer. Buorgemeente De Fryske Marren hat ek tusken de 50.000 en 100.000 ynwenners. Dy gemeente skoart it minst yn ús provinsje: mar 15 euro de ynwenner giet nei kultuer.

Ljouwert

Sels Ljouwert - ferline jier noch Kulturele Haadstêd fan Europa - skoart net al te bêst. De stêd dy't ús lân yn Europa kultureel op de kaart setten hat, jout 57 euro de ynwenner út oan kultuer. It lanlik trochsneed foar in gemeente fan ferlykbere grutte is 59 euro.

Sosjale domein

Gemeenten steane de lêste jierren finansjeel hieltyd mear ûnder druk troch it oerheveljen fan de WMO en de jeugdsoarch fan it Ryk nei de gemeenten. Der wurdt dan al gau op saken as kultuer en sport besunige.

Provinsje Fryslân hat koartlyn bekend makke dat se de kommende jierren just ekstra jild yn kultuer stekke wol: alle jierren 3 miljoen euro. Dat jild is bedoeld foar provinsjebrede inisjativen op it mêd fan kultuer.

Wendy Kennedy oer kultuerjild

Foto: Omrop Fryslân

Wêr giet it jild hinne?

It giet om subsydzjes foar poadia en selskippen foar muzyk, dûns en toaniel, akkommodaasjes en keunstners foar byldzjende keunst, it oankeapjen fan keunst, keunst yn de iepenbiere romte, film en fideo, kultueredukaasje, kulturele manifestaasjes, projekten en oerkoepeljende organisaasjes foar it beoefenjen fan keunst.

De sifers dy't Omrop Fryslân brûkt hat, komme fan de oerheidswebsite www.financiengemeenten.nl. De sifers binne troch de gemeenten sels oanlevere.

(advertinsje)
(advertinsje)