'Hiele jier toerisme yn Fryslân foar mear fêste banen yn toeristyske sektor'

De toeristyske sektor soe it hiele jier wurk ha moatte, en dêrom moat de provinsje der mear oan dwaan om toeristen yn alle seizoenen nei Fryslân te krijen. Dat seit de Steatefraksje fan de PvdA. "Als we ervoor zorgen dat er jaarrond een goed verspreide en vaste instroom van toeristen is, creëren we vaste banen."
© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De partij sil kommende woansdei, by de lêste gearkomste fan Provinsjale Steaten yn 2019, plannen ynbringe om it hiele jier foar toerisme yn ús provinsje te soargjen. Neffens PvdA-Steatelid Jaap Stalenburg soe in kampus 'gastfrijheidsekonomy' in goede saak wêze. Fryske ûnderwiisynstellingen soene sa'n kampus oprjochtsje moatte.
"Er is op dit moment een groot gebrek aan arbeidskrachten en tegelijkertijd is het werk dat er is vooral seizoenswerk", seit Stalenburg. In fêste stream fan toeristen soarget foar mear wissichheid yn de sektor. Stalenburg ferwiist ek nei de provinsjale nota Gastfrij Fryslân. Dêryn stiet dat toerisme yn 2030 de grutste wurkjouwer yn Fryslân wurde kin.