Aris stunt krekt net en ferliest thús yn thriller fan Feyenoord

De basketballers fan Aris ha krekt net foar in stunt soarge kinnen tsjin Feyenoord. Yn sporthal It Kealledykje waard it 75-74 foar de besikers. De Ljouwerters wiene ticht by harren tredde oerwinning, mar de Rotterdammers makken yn de slotminút in efterstân fan trije punten goed.
Arunas Mikalauskas fan Aris © www.orange-pictures.nl
Foarôfgeand oan de wedstriid stie Feneyoord tredde, Aris foarlêst. De Rotterdammers namen yn it earste kwart ek in foarsprong, mar Aris bleau goed yn de buert. De Ljouwerters wûnen it twadde kwart sels. Sa wie de stân by it skoft 32-34. Noch wol yn it foardiel fan Feyenoord dus.

Sterk tredde kwart Aris

Yn in tige sterk tredde kwart pakte Aris al gau de foarsprong. Benammen Arunas Mikalauskas wie produktyf foar de Ljouwerters, dy't mei in foarsprong fan 57-48 it lêste kwart yn gongen.

Feyenoord makket efterstân goed

Even stie Aris yn dat lêst kwart noch tolve punten foar, mar stadichoan kaam Feyenoord hieltyd wat tichter by. Mei noch 45 sekonden te spyljen stie Aris foar mei 74-71. De Ljouwerters makken dêrnei twa kear in oertrêding op Keyshawn Woods. Dy skeat beide kearen syn twa frije worpen raak en sette de Rotterdammers dêrmei wer op foarsprong. Mei noch fjouwer sekonden krige Aris noch ien kânske, mar de pass fan Mikalauskas kaam net oan: einstân 74-75.
Feyenoord wie benammen yn de rebounds sterker as Aris: 42 om 34. De Rotterdammers skeaten ek tsien frije worpen mear. Topskoarer fan de wedstriid waard Quentin Snider fan Feyenoord mei 29 punten. By Aris hiene Mikalauskas, Andrzej Piotr Mazurczak en Samuel Idowu elk mear as tsien punten.