Boeren losse tiisdei ôffal by Wetterskip Fryslân tsjin taryfsferheging

15 des 2019 - 17:44

Boere-aksjegroep Farmers Defence Force ropt boeren op om takom tiisdei ôffal te lossen op it parkearplak fan Wetterskip Fryslân. Dat berjocht giet rûn yn WhatsAppgroepen fan de boeren. Dyselde dei nimt it algemien bestjoer fan it wetterskip in beslút oer in taryfsferheging.

Protest boeren by Wetterskip Fryslân - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

It deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân wol de tariven foar boeren mei trettjin prosint ferheegje. Dat smiet twa wiken ek lilke reaksjes op by boeren. Sa'n 300 boeren wiene doe by de kommisjegearkomste oer de taryfsferheging yn it wetterskipsgebou. Dêr wiene doe ek wat skermutselingen en nei ôfrin krigen leden fan it wetterskip driigmails.

Farmers Defence Force ropt boeren no op om tiisdei om 12.00 oere harren hekkelseadden op it parkearplak fan Wetterskip Fryslân te lossen. In oere dêrfoar sammelje de boeren harren op trije plakken: by Skearnegoutum, yn Hitsum en yn Ryptsjerk.

Tariven omheech foar ynvestearringen en skulden

Wetterskip Fryslân wol de tariven omheech dwaan, omdat se ynvestearje moatte en skulden ôfbouwe moatte. De lêsten foar ûnbeboude grûn geane dêrom yn 2020 mei trettjin persint omheech. It sprieden fan de ferheging, bygelyks fiif jier efterinoar 5,5%, soe de finansjele posysje fan it wetterskip te bot oantaaste, seit wetterskipsbestjoerder Bé de Winter.

(advertinsje)
(advertinsje)