Wynjewâld enerzjyneutraal: 'De plicht om de ierde goed efter te litten'

15 des 2019 - 20:54

Yn 2025 moat Wynjewâld folslein enerzjyneutraal wêze. As it oan doarpskoöperaasje Wijnjewoude Energie Neutraal (WEN) leit teminste. In groep doarpsbewenners is sûnt 2015 dwaande mei it enerzjynivo yn it doarp.

Foto: Simone Scheffer

Op alderhande flakken binne se dwaande om de bewenners fan it doarp bewust te meitsjen fan it belang fan duorsumens en mei te tinken oer alternativen foar de hjoeddeistige enerzjyfoarsjenning. Sa helpe se mei te tinken oer it pleatsen fan sinnepanielen en besykje se subsydzje binnen te heljen foar duorsume projekten. Alles foar en mei de boargers, dat stiet foarop foar de koöperaasje.

10 persint enerzjyneutraler as buordoarpen

De lêste sifers binne noch net bekend, mar yn 2017 wie Wynjewâld al 10 prosint enerzjyneutraler as de omlizzende doarpen. Der lizze mear sinnepanielen op dakken bygelyks.

As der in groep mei dwaande is, dan wurket dat oanstekkend, neffens Pieter de Kroon en Frans Pool fan WEN. Der wurde safolle mooglik lokale ûndernimmers by belutsen om de hiele mienskip derfan profitearje te litten. As de mienskip der wat fan weromsjocht, wurket it motivearjend, sizze se.

Foto: Simone Scheffer

Dat de koöperaasje yn maaie dit jier de pionierspriis wûn fan it programma Tegenlicht wie ek in grutte opstekker en motivaasje om troch te gean.

Nije inisjativen falle net allegear goed

Nije inisjativen binne der ek yn Wynjewâld. Dy falle lykwols net allegear like goed. De koöperaasje is mei achttjin boeren yn en om it doarp hinne dwaande mei it ûntwikkeljen fan in plan foar in eigen dongfergister by it doarp. De fergister soe allinnich dong fan de 'eigen' achttjin boeren fergiste en dêrmei kin it doarp dan fossylfrij gas krije. Der binne lykwols in tal omwenners dy't beswier meitsje tsjin in fergister, omdat se benaud binne foar stjonkerij en mear grut ferkear.

Mar neffens De Kroon en Pool is it net sa dat der no in ferskuorde mienskip is: "We bliuwe mei mekoar praten. En as we nei in diskusjejûn klear binne, dan drinke we gemoedlik in bierke. Dat is it moaie oan de mienskip."

Undersyk nei de fergister

De fergister is der noch lang net en miskien komt er der ek wol net. As it werklik sa is dat der in soad oerlêst is, dan wol de koöperaasje it sels ek net. Mar ûndersykje moat soks dúdlik meitsje, neffens de minsken fan WEN.

De fergister soe op it enerzjyparkje komme moatte dat de koöperaasje kocht hat. Dêr komt ek in sinnefjild en opslach foar enerzjy. Der is noch genôch wurk te dwaan foar de minsken fan WEN.

Foto: Simone Scheffer

It wurk foar WEN is aardich yntinsyf, fertelle de manlju. Mar it smyt ek in soad enerzjy op om mei mekoar oan in bettere takomst te wurkjen.

Goed efterlitte foar kommende generaasjes

Frans Pool docht it omdat er de bibel as gids hat. Hy fynt rintmasterskip fan grut belang. Neffens him is it ús plicht om de ierde foar de generaasjes nei ús goed achter te litten. Dat begûn by him yn it lyts, by him thús, neidat er minsken út it ierdbevingsgebiet yn Grinslân troffen hie. Sa moat it net, tocht er. Doe is er oan de slach gien.

Ek foar Pieter de Kroon is de takomst fan de bern en bernsbern de motivaasje oan dit projekt mei te dwaan. Dêrnjonken fynt er it moai om dit as mienskip mei mekoar te dwaan. It bringt de minsken ek tichter by mekoar.

Beide mannen leauwe deryn dat 2025 in helber doel om is kwa enerzjy folslein neutraal te wêzen.

In wiidweidich petear oer en mei Wijnjewoude Energie Neutraal

(advertinsje)
(advertinsje)