Hûntsje Whisky leit treinferkear oere plat

It treinferkear tusken Bûtenpost en Feanwâlden hat snein in oere plat lein omdat der in hûntsje ûnder de trein bedarre wie. Dat hûntsje, mei de namme Whisky, is der op eigen krêft wer ûnder wei kaam.
© De Vries Media
De helptsjinsten wiene al oanwêzich, doe't it bistje ûnder de trein wei ûntsnapte. Omdat it hûntsje ûnder de trein siet en dêrnei by it spoar rûn, rieden de treinen tusken Grins en Ljouwert in skoftke net.
De diere-ambulânse en de plysje besochten om Whisky te fangen, mar dat slagge net. It hûntsje rûn sels fuort troch in stek lâns it spoar. In buertbewenner hie dat stek iepen set. Yntusken is Whisky wer feilich thús, seit de eigeneres.