Strâning Sterke Yerke III en dea Chris Schweigmann betocht op Bonêre

15 des 2019 - 15:41

Mei in seremoanje is op Bonêre betocht dat it flot de Sterke Yerke III dêr 40 jier lyn foar de kust op de rotsen stikken slein is. Yn in aparte betinking dêroan foarôfgeand stiene de oanwêzigen stil by de dea fan bemanningslid Chris Schweigmann. Hy ferstoar in oantal wiken lyn.

Foto: Sterke Yerke

In grutte groep belangstellenden wie oanwêzich by it monumint dat oan de kust op Bonêre stiet. Vice-foarsitter Wilfred de Jong fan de Stichting Behoud Erfgoed Sterke Yerke neamde it in yndrukwekkend barren: "We hebben de ceremonie in tweeën gesplitst. 's Ochtends hebben we Chris zijn as op zee uitgestrooid zoals hij graag wilde. Daarna hebben we bij het monument een sigaar gerookt. Later in de middag hebben we op die plek herdacht dat de Sterke Yerke III daar in 1979 vergaan is in de nacht van 14 op 15 december."

De Sterke Yerke 3 ûnderweis - Foto: Eigen foto

It flot wie ûnderweis nei Kurasao. Foar de kust fan Bonêre sloech it stikken op de rotsen. Dêrmei kaam in ein oan in reis mei ek in wittenskiplik doel. De misje wie om út te finen hoe slim oft de oaljefersmoarging op see wie.

Nije misje, nij flot, nije bemanning

De betinking wie ek fuort it startsinjaal foar in nije misje mei in nij flot, de Sterke Yerke IV. Dy moat yn 2021 de oerstek meitsje nei Kurasao. Dy reis tsjinnet wer in wittenskiplik doel. Sa wol de stifting yn kaart bringe hoe grut oft it probleem fan plastic sop is.

Der komt in folslein nije bemanning. de Jong: "Daar zijn wij te oud voor. We willen heel erg graag jongeren enthousiast krijgen voor de reis met de Sterke Yerke IV."

Wilfred de Jong oer de betinking

Fjouwer jonge Friezen stutsen yn 1979 mei in sels boud flot de Atlantyske Oseaan oer. Mei de tocht woene se ûnder oaren omtinken freegje foar de oaljefersmoarging op see. Yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân op 15 desimber wie der ekstra omtinken foar dy reis yn 1979.

(advertinsje)
(advertinsje)