Alfde plak foar bobslider Dennis Veenker yn fjouwermansbob

15 des 2019 - 12:28

De Nederlânske fjouwermansbob mei dêryn Dennis Veenker fan Damwâld is sneintemoarn alfde wurden yn de alfde wedstriid yn de Europe Cup. Tegearre mei Ivo de Bruin, Joost Dumas en Janko Franjic sette er yn it Dútske Winterberg in tiid del fan 1:52.22.

Foto: Viesturs Lācis | IBSF

Dat alfde plak moasten de Nederlânske bobdsliders diele mei it Switserske team. It earste plak gie nei de Dútsers, mei in tiid fan 1:51.36.

In dei earder setten Veenker-en-dy yn de earste run de njoggentjinde en lêste tiid del, 57.11. Se binne doe net mear begûn oan de twadde run.

Trefwurden: 
Dennis Veenker bobslydzje
(advertinsje)
(advertinsje)