Boekekast #12: De kleur fan Drinte fan Anne Feddema

15 des 2019 - 11:38

Harkesto ek graach nei Fryske ferhalen? Dan hawwe wy goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze tolfde Boekekast it ferhaal 'De kleur fan Drinte' fan Anne Feddema. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Anne Feddema sels.

'De triennen fan Cheetah' wie Feddema syn earste Frysktalige ferhalebondel. Dêr krige er de Rink van der Veldepriis foar. Resinsint Jaap Krol neamt de ferhalen foarmfêst. Dêrmei bedoelt er de faak weromkommende ferbining tusken stjerlike minsken en ûnstjerlike ferneamden.

It ferhaal 'De kleur fan Drinte' komt út it literêre tydskrift Ensafh nûmer 6 2018, in nûmer wijd oan Frysktalich proaza.

Dizze ôflevering fan Boekekast is krekt as de oare ôfleveringen te beharkjen op Spotify.

Anne Feddema

Anne Feddema is in alsidich keunstner. Hy is aktyf as dichter, skriuwer fan kollums, skilder, muzikant en performer. Anne Feddema skreaun in tal jierren radiokollums yn it Liwwadders, dichtsjen docht er yn it Frysk. Foar de poëzybondel 'Reidhintsje op 'e Styx' krige er yn 2009 de Gysbert Japicxpriis.

De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen en fragminten út Fryske boeken. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Sechtjin wiken lang wurdt alle sneinen in nij ferhaal of fragmint publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.

(advertinsje)
(advertinsje)