Unyk audiomateriaal Sterke Yerke komt 40 jier nei dato boppe wetter

15 des 2019 - 11:20

It is eksakt 40 jier lyn dat de Sterke Yerke III op 'e rotsen sloech by Bonêre en fergie. De tocht fan it selsboude flot fan Harns nei Kurasao waard troch allerhande media folge. Der wie rom omtinken foar de fjouwer Fryske aventoersmannen yn aktualiteiteprogramma's op radio en telefyzje en yn kranten.

Meindert van der Meulen by syn kompjûter mei alle Sterke Yerke-bestannen - Foto: Omrop Fryslân

No, fjirtich jier nei dato, docht bliken dat de manlju ek séls opnames makke ha op it flot: âld-Ljouwerter Meindert van der Meulen hie harren in kassettedeck meijûn mei de fraach om geregeld wat op te nimmen. Dy audiobestannen hat Van der Meulen oerdroegen oan de redaksje fan it Omrop Fryslânprogramma Buro de Vries.

Meindert van der Meulen siet yn dy freonegroep fan de Sterke Yerke. Sels hie er meifearn op de Sterke Yerke II doe't dy nei Ingelân gie. Yn 1979, doe't de Sterke Yerke III op 1 augustus út Harns wei op wei gie nei Kurasao, wurke Van der Meulen yn Hilversum.

'Daar hest hem ok weer met syn lulizer'

"Ik was altijd bezig met m'n Uher (in draachber opnameapparaat, red.) en de jongens zeiden wel eens 'daar hest hem ok weer met syn lulizer'". Van der Meulen soarge derfoar dat de kammeraten in kassettedek meinamen en prate mei harren ôf dat sy geregeld fertelle soene oer wat se meimakken en beskriuwe soene wat se seagen.

Dat ha de fjouwer mannen dien: Leo van der Ploeg, Guus Schweigmann, Chris Schweigmann en Frits Riemersma pakten geregeld de mikrofoan om te beskriuwen wat se meimakken. Thús yn Nederlân naam Van der Meulen alles op wat mar oer de Sterke Yerke yn de media ferskynde: ynterviews yn aktualteiteprogramma's op radio en telefyzje, nijsberjochten fan it ANP en ek telefoanpetearen dy't fierd waarden mei de manlju fia Radio Scheveningen.

Leo van der Ploeg, Guus Schweigmann, Chris Schweigmann, Frits Riemersma - Foto: Meindert van der Meulen

It kaam ek foar dat Van der Meulen wat miste. Dan gong er mei syn opnameapparatuer nei in radiostudio ta om it nijsberjocht nochris lêze te litten troch de nijslêzer. Of hy tôge nei IJmuiden om by Radio Scheveningen nochris in oprop foar de Sterke Yerke dwaan te litten, yn it Ingelsk en yn it Nederlânsk.

Sa hat Van der Meulen in wiidweidich audio-argyf opboud fan mear as 40 oeren lûdsmateriaal. Dat argyf mei Omrop Fryslân brûke om in radiodokumintêre en eventueel ek in podcast-searje fan te meitsjen.

Bliid

Van der Meulen is tige bliid dat no wat mei it materiaal dien wurde sil. "Het ligt hier maar wat. Ik had altijd wel het idee dat er iets mee gedaan moest worden, maar daar ben ik niet de aangewezen persoon voor. Ik zit er veel te diep in."

Dat de opnames bewarre bleaun binne komt trochdat Van der Meulen al in hiel soad materiaal meinommen hie doe't hy in besite brocht oan de manlju doe't sy in wike oan wâl leine by Gran Canaria.

Unyk materiaal

Meindert van der Meulen hat saken goed op oarder: alle audiomateriaal is digitalisearre en stiet yn mapkes op syn kompjûter. Yn in apart tekstbestân hat er alle ynformaasje oer de lûdsfragminten taheakke.

It wurdt noch in hiele put om alles ôf te harkjen en der in moai lûdsdokumint fan te meitsjen, mar de redaksje fan Buro de Vries hat der in hiel soad nocht oan. "It is unyk materiaal dat noch nea iepenbier makke is. Foar in radiomakker is dit goud", sa seit Buro de Vriesredakteur Geartsje de Vries. Wannear't de radiodokumintêre en eventueel de podcastsearje klear is, is noch net dúdlik. "Ik ha it materiaal noch net. Meindert sil earst op fakânsje en as er werom is dan krije wy it nei alle gedachten op in memorystick, omdat de bestannen te grut binne om fia de kompjûter oer te stjoeren."

Harkje nei de bydrage

Leo van der Ploeg oan it stjoeren op de Sterke Yerke 3 - Foto: Meindert van der Meulen

Fjouwer jonge Friezen stutsen yn 1979 mei in sels boud flot de Atlantyske Oseaan oer. Mei de tocht woene se ûnder oaren omtinken freegje foar de wetterfersmoarging op see. Ien fan de bemanningsleden, Chris Schweigmann, is op 4 novimber dit jier ferstoarn.

Yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân op 15 desimber draacht Van der Meulen it audiomateriaal oer oan Omrop Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)