Anema en Groenewoud nei fjirde plak op ploege-efterfolging yn Nagano

De Gordyskter Reina Anema en Marijke Groenewoud fan Hallum hawwe op de tredde dei fan de wrâldbeker yn Nagano in fjirde plak behelle op de ploege-efterfolging. Tegearre mei ploechgenoaten Elisa Dul en Esther Kiel setten se in tiid del fan 3:04.187.
Reina Anema © www.orange-pictures.nl
Dat wie 7,81 sekonden stadiger as de Japanners, dy't as earste einigen. It tredde plak gie nei Ruslân en as twadde einigen de Kanadezen.
Op de 5.000 meter by de manlju slagge Marwin Talsma fan Grou deryn in achtste plak te bemachtigjen, mei in tiid fan 6:28.191. Michelle de Jong fan Rottum behelle op de 500 meter by de froulju in 14e plak en sette in tiid del fan 38.442.