Nije tsjinstregeling iepenbier ferfier yngien

15 des 2019 - 09:06

Minsken dy't mei it iepenbier ferfier reizgje, moatte fan snein ôf rekken hâlde mei in nije tsjinstregeling. Sawol de NS as Arriva feroarje allerhande saken yn harren bus- en treinboekje.

Foto: Shutterstock

Sa sil der wat de NS oanbelanget in nije sprinter komme te riden tusken Ljouwert en Zwolle, dy't oant acht minuten earder op de bestimming is.

By Arriva is der in grut ferskaat oan feroarings. Sa wurde op guon trajekten de belbussen ferfongen troch taksybuskes, feroarje rûtes en by in grut ferskaat is der inkele minuten ferskil yn oankomst- of ôfreistiden.

De feroarings binne allegearre werom te finen op de websiden fan de ferfierders.

(advertinsje)
(advertinsje)