Van der Ploeg-en-dy lûke alles út 'e kast foar jubileumshow yn Amsterdam

15 des 2019 - 08:20

It jubileumkonsert fan De Kast hat sneontejûn in soad publyk lutsen. De band joech yn orizjinele besetting in spesjaal optreden yn AFAS Live yn Amsterdam, mei in soad spesjale gasten. Sa song ûnder oaren Johannes Rypma in ferske mei.

Ek Arjen Lubach en Janine Abbring waarden útnûge op it poadium. Sy brochten yn 2001 ûnder alias 'Slimme Schemer ft. Tido' it nûmer Jelle út, wêryn't se De Kast-sjonger Syb van der Ploeg op 'e hakke namen. Syb koe der doe net om laitsje, mar dit kear wie it duo wol wolkom.

AFAS Live

Yn 1989 wie de band de earste Nederlânsktalige band dy't yn de AFAS Live (doe noch Heineken Music Hall) spile foar in útferkochte seal. Dêrom like datselde poadium in logysk plak foar it jubileumkonsert.

De band is rûnom bekend yn Fryslân, mar hat ek bûten de provinsjegrinzen hits hân lykas In Nije Dei, Hart van mijn Gevoel, Eltse Grins Foarby en Woorden zonder Woorden. Yn totaal hat de groep sa'n 14 kear yn de top 40 stien.

It jubileumkonsert fan De Kast luts in soad publyk

Trefwurden: 
jubileum konsert de Kast
(advertinsje)
(advertinsje)