Dokumintêre: Amsterdamske jeugdspilers kamen yn de oarloch nei Fryslân

Oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch wie der in bysûndere ferbining tusken in tal Amsterdamske fuotbalklups en VV Hearrenfean. In grutte groep jeugdspilers út Amsterdam kaam te wenjen by famyljes op It Hearrenfean yn de Hongerwinter.
prachtige daad
Oer dy tiid is in dokumintêre makke en dy waard freed presintearre, mei minsken dy't it meimakke hawwe. Ien fan har is Rob Been. Hy kaam yn de oarloch út Amsterdam wei nei It Hearrenfean. "Armoede, ellende, kou, honger, alles. Noem maar op", fertelt Been.
"Ik kwam terecht in Oranjewoud, bij een familie van wie ik de naam niet meer ken. Daar ben ik een week of twee gebleven. Ik had het zo slecht naar m'n zin, dat de secretaris van Voetbalvereniging Heerenveen ervoor zorgde dat ik overgeplaatst werd. Ik kwam terecht bij de familie Muntendam, op de Dracht 192. Ik kwam in een sprookje terecht: vrolijk, fris, leuk."

Pleechâlden

Jappie Bosscha hie yn de Twadde Wrâldoarloch ien fan de jonkjes yn hûs: "Dat wie hiel gesellich. In hiel rêstige jonge, gjin problemen hân, ek net ûnwennich west. Hy hie it bêst nei it sin by ús. De fuotbalferiening hat jonges út Amsterdam útnûge om nei Fryslân te kommen fanwegen de Hongerwinter. Elke klup levere tweintich jonges. Wy hiene ús opjûn as pleechâlden."
Rob Been en Jappie Bosscha
Han Grijzenhout fuotballe by it Amsterdamske DWS © Omrop Fryslân