VC Snits ferliest lêste thúswedstriid fan it jier yn fjouwer sets

14 des 2019 - 22:07

VC Snits hat sneontejûn de lêste kompetysjewedstriid fan dit kalinderjier ferlern. Yn de Snitser Sporthal wie Apollo 8 út Borne mei 3-1 te sterk.

VC Snits yn in eardere wedstriid - Foto: Orange Pictures

De Snitser froulju setten de wedstriid goed útein en kamen sels op in 12-6 foarsprong. De besikers kamen lykwols werom ta 14-14. Dêrnei gie it lange tiid lykop, wêrnei't Snits op 24-23 en op 25-24 de earste set beslisse koe. Dit slagge lykwols net en de earste set gie úteinlik mei 25-27 nei Apollo. Ek yn de twadde set die de Fryske ploech net ûnder foar de nûmer trije fan de earedifyzje. De twadde set wie mei 25-22 lykwols ek foar Apollo.

Snits komt werom

Dat brocht de froulju fan VC Snits lykwols net fan it stik, want al gau stie der in 15-10 foarsprong op it boerd. Dat gat waard sels útwreide oant 20-12. It slagge de Friezinnen lykwols in hiel skoft net om te profitearjen fan dy grutte foarsprong en dus kaam Apollo werom ta 23-22. Dy comeback waard lykwols net beleanne, want de set gie úteinlik dochs mei 25-23 nei VC Snits.

Yn de fjirde set wie it ferset fan de thúsploech wol brutsen. Apollo wûn dy set mei 25-14, wêrmei de einstân 3-1 waard.

Sânde plak

Troch it ferlies stiet VC Snits noch hieltyd op it sânde plak yn de earedifyzje. Om de play-offs om degradaasje te ûntrinnen, moat Snits op syn minst op it sechde plak einigje. Dêr stiet no Regio Zwolle Volleybal, dat nei alve wedstriden fiif punten mear hat as Snits.

Trefwurden: 
follybal VC Snits Apollo 8
(advertinsje)
(advertinsje)