LDODK hurd ûnderút yn topper tsjin PKC

14 des 2019 - 21:33

LDODK hat sneontejûn gjin goeie saken dien yn de striid om it earste plak yn de Kuorbal League. De Fryske kuorballers ferlearen yn eigen hûs mei 29-22 fan PKC. Dêrmei moast LDODK de kopposysje yn de kompetysje ôfjaan oan de ploech út Papendrecht.

In wiidweidige gearfetting fan de wedstriid:

Yn it begjin fan de wedstryd koe LDODK oant 7-7 by bliuwe, mar de Friezen hienen gjin antwurd op in tuskenfersnelling fan PKC. By it skoft seach LDODK al tsjin in flinke efterstân oan yn sporthal Koartsweagen: 14-9.

Friso Boode fan LDODK - Foto: Orange Pictures

Nei it skoft rûnen de besikers út Súd-Hollân allinnich mar fierder út. Healweis de twadde helte rûn it ferskil op nei alve goals (15-26). De einstân kaam úteinlik op 29-22.

Dêrmei sette PKC de goeie rige op Fryske boaiem fierder. Allinnich yn 2014 waard ien kear ferlern op De Gordyk. (23-17)

Trainer Henk Jan Mulder oer it ferlies:

800e goal foar Boode

Friso Boode (31) skoarde fjouwer kear tsjin PKC en brocht syn totaal dêrmei op 800 doelpunten yn 13 jier Kuorbal League. Boode spile earder by Nic. út Grins en TOP út Sassenheim, en is no dwaande mei syn fjirde en lêste seizoen foar LDODK. Marjolijn Kroon makke fiif goals. Topskoarders by PKC waarden Julie Caluwé (7) en Laurens Leeuwenhoek (5).

Troch it ferlies ferlear LDODK de lieding yn de Kuorbal League oan PKC. Dy klup stiet no mei alve punten út seis wedstriden op it earste plak. LDODK stiet twadde mei tsien punten.

Friso Boode oer de wedstriid:

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Yn de oanrin nei de wedstriid is der ekstra omtinken foar de wedstriid dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app, somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)